Fryske KNRM-boaten wurde de kommende jierren ferfongen

Alle rêdingsboaten fan De Koninklijke Nederlandse Redding Maatschappij (KNRM), dus ek de Fryske boaten, sille de kommende jierren ferfongen wurde. De KNRM hat yn totaal 75 boaten dy't lâns de kust dei en nacht beskikber binne foar needgefallen op see. De measte skippen komme út de jierren '90, wêrtroch't de kosten foar it ûnderhâld heger wurde en it risiko op útfal grutter.
In rêdingsboat fan de KNRM © Shutterstock.com (ArnoudNL)
De KNRM hat yn Fryslân rêdingsstations op de Waadeilannen, Lauwerseach, Harns, Hylpen en op de Lemmer. It plan om alle boaten dêr en yn de rest fan it lân te ferfangen moat tusken no en 2035 plakhawwe.

'We binne it se ferplichte'

Direkteur Jacob Tas is bliid mei de plannen: "Aan de zeevarenden en watersporters zijn wij verplicht al onze middelen in te zetten om te helpen en te redden als dat nodig is. Aan onze vrijwillige redders op de reddingboten zijn we verplicht ze het beste materiaal te bieden, zodat zij veilig kunnen uitvaren en veilig kunnen thuiskomen".
De earste nije rêdingsboat wurdt no boud en kin yn 2021 brûkt wurde. Der sil elts jier foar de kommende 15 jier goed 5,5 miljoen euro útlutsen wurden foar de plannen.