Leden SKS unanym foar nije seilformule: 'Formule 2020'

De SKS krijt in nije seilformule. Dat is de útkomst fan in ekstra algemiene ledegearkomste op freed. De leden fan de feriening hawwe sa goed as unanym keazen foar 'Formule 2020'. De nije formule is in ferfining fan de hjoeddeiske 'Formule 2016'.
© Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
De skûtsjes fan de SKS sille yn it seizoen 2021 foar it earst mei de nije formule sile. Der komt in oergongsregeling foar skûtsjes dy't in grutte wiziging ûndergean moatte.
De seilformule waard begjin dit jier presintearre nei in lange perioade fan ûndersyk en ûntwikkelingen. By de Formule 2020 wurdt neist de parameters lingte, breedte en djipgong ek sjoen nei de foarm fan de romp foar it fêststellen fan it tal kante meters seil-oerflak.
It doel fan de wiziging is om de skûtsjes mear lykweardigens te bieden by it silen fan de wedstriden.