Boeren fiere aksje by distribúsjesintrum Lidl op It Hearrenfean

Tsientallen boeren fiere op it stuit aksje op It Hearrenfean. Mei harren trekkers ha se it distribúsjesintrum fan de Lidl oan de Minerva blokkearre. Earder dizze wike wiene der al boereprotesten by distribúsjesintra fan oare supermerken yn Nederlân, sa as fan de Jumbo yn Woerden.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
De boeren fine dat sy gjin earlike priis krije foar harren produkten, mar dat de supermerken der wol goed oan fertsjinje. Se wolle dat der in spesjaal keurmerk komt foar lânbouprodukten dêr't se wol in earlike priis foar krije. Underhandelingen dêroer ha oant no ta neat opsmiten. In ultimatum dat de boeren ynstelden, rûn tongersdei ôf.
Ferslachjouwer Wytse Vellinga
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga