Meldpunt Mondkapjes wurket gear mei diskriminaasjemeldpunten

It Meldpunt Mondkapjes Nederland giet gearwurkjen mei ferskillende diskriminaasjepunten yn Nederlân. It doel is om diskriminaasje fan beheinde en groanysk sike bern op skoallen troch it net dragen fan mûlkapkes tsjin te gean. Ien fan de inisjatyfnimmers fan it meldpunt is Elbrecht Claus út Ljouwert.
Coronamaatregels © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Neffens Claus is diskriminaasje ûntalitber. Se wol dat skoallen bern talitte sûnder ûnderskied te meitsjen. De needsaak foar beheinde en groanysk sike bern om gjin mûlkapke te dragen is rjochtfeardige neffens Claus, om't saakkundigen sizze dat mûlkapkes net effektyf binne. It meldpunt wol dat de polityk yngrypt en de druk foar minsken mei in beheining of sykte fuorthellet.

Mear meldings

Sûnt de oprjochting fan it mûlkapkesmeldpunt binne der al in soad klachten meld. Mar ek by diskriminaasjemeldpunten sjogge se dat der troch de mûlkapkesplicht mear meldingen dien wurde fan minsken dy't diskriminearre wurde om't se gjin mûlkapke drage. It giet bygelyks om folwoeksenen en bern mei astmatyske of autistyske klachten, of minsken dy't troch mûlkapkes noch mear problemen mei it sykheljen krije.