Ien jier sel easke tsjin frou dy't asylsykster Sint-Anne mishannele mei siedend wetter

Tsjin de Nigeriaanske frou, dy't in oare Nigeriaanske frou út it azc Sint-Anne oanfallen hat mei siedend wetter, is troch it Iepenbier Ministearje tolve moannen sel easke. De frou út Fryslân wie yn augustus op besite by har freondinne yn it azc yn Gilze doe't spul ûntstie mei in oar Nigeriaansk stel om't de froulju in lesbyske relaasje hawwe.
Rechtbank Noord-Nederland (RNN) yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Sy waarden útskolden foar 'stomme lesbiennen' en woene de frou út Gilze oanfalle mei siedend wetter. De frou út Fryslân sprong dertusken en rûn hjirby slimme brânwûnen op.
De Nigeriaanske frou wurdt fertocht fan swiere mishanneling. It slachtoffer hat noch in soad pine troch de brânwûnen en it better wurden sil noch in tiid duorje, sa seit it Iepenbier Ministearje. Op basis fan it dossier docht net foldwaande bliken dat it wetter allinnich oer it slachtoffer smiten is fanwegen har homoseksualiteit.
De offisier fan justysje sprekt dus fan 'onvoldoende aanwijzigingen' om de diskriminaasje as strafferswierjend mei te nimmen.