Sambissa en Kallon werom yn de basis by SC Cambuur

Henk de Jong feroaret de opstelling fan SC Cambuur op twa plakken foar de wedstriid tsjin Jong AZ. David Sambissa waard ferline wike tsjin Telstar noch passearre, mar keart no werom yn de basis. Ek Issa Kallon krijt syn earste basisplak sûnt er op 11 oktober blessearre rekke tsjin FC Dordrecht.
Henk de Jong sjocht foarút op de wedstriid tsjin Jong AZ:
Trainer Henk de Jong
Dat Sambissa en Kallon der wer yn steane, kostet Joris Kramer en Michael Breij in basisplak. Se sitte sneon op de bank. Kallon foel de lêste wiken al in pear kear yn, mar stie noch net earder yn de basis. Cambuur hat tige foarsichtich mei him dien, fertelt Henk de Jong. "We hawwe der moai de tiid foar naam. It stie net hielendal goed yn syn rêch en dat is wol hiel belangryk foar eksplosive jonges as him. Op in bepaald momint moatte je der ek wer yn."
Foar De Jong wie it nedich om Sambissa ferline wike efkes op de bank te setten. "It wie net skerp en it wie net wat we wolle, dus dan moatte je der even út. Ik hoopje dat se dan efkes goed lilk op my binne, de knop omsette en harren foardiel der mei dogge."
Cambuur spilet dus mei twa nije nammen, de oare njoggen spilers feroarje net. De Jong kin oer in fitte seleksje beskikke. Allinne de langer blessearre Stanley Akoy en Delano Ladan binne der net. De Jong ferwachtet dat Ladan tongersdei yn de beker wer oanslute kin.
© Orange Pictures
Wat de lêste wiken opfalt, is dat Cambuur mear kânsen fuort jout as foarhinne. Dat byld werkent ek ferdigener Erik Schouten: "Het zijn wel feiten en dat weten wij ook, maar ik maak me geen zorgen. Het is wel een dingetje waaraan we willen werken. Misschien komt het ook doordat we drie wedstrijden in een week tijd spelen, dat is wat zwaarder."
De Jong sjocht ek dat syn ploech wat mear fuort jout. Dat krijt ekstra omtinken. "Dêr moatte we wer fan ôf. We moatte wol skerp wêze yn de duels. Dêr haw ik it fan 'e wike wol efkes mei de jonges oer hân. Us manier fan fuotbaljen jout ek wol ris in kâns fuort. Mar, hy giet der faak net yn. We binne der wol mei oan 'e gong."
Sintrale ferdigener en oanfierder Erik Schouten:
Erik Schouten
De Ljouwerters spylje noch trije wedstriden oant de winterstop. Sneon tsjin Jong AZ, tongersdei foar de beker tsjin Go Ahead Eagles en snein tsjin Excelsior. Dêrnei hawwe Schouten en syn ploechgenoaten in koart skoftsje frij. "We spelen nog maar een week, maar ook drie wedstrijden. Dus we zijn nog niet echt bezig met die vakantie."
Te begjinnen mei Jong AZ. In belofteploech, dus dan binne der altyd fragen. "We weten niet met wie ze komen en wat ze gaan doen. Het zijn hele lastige potjes altijd. We gaan gewoon ons eigen plan trekken, gas geven met zijn allen en dan moeten we drie punten halen. Dat is belangrijk", einiget Schouten.
De wedstriid tusken SC Cambuur en Jong AZ begjint sneontemiddei om 16.30 oere. Ferslachjouwer Andor Faber fersoarget yn ús radioprogramma Sneon yn Fryslân it kommentaar fan it Cambuur Stadion út. Yn it Cambuur Sjoernaal is sneon in foarbeskôging op dy wedstriid te sjen en we sjogge hoe't it no mei Bartholomew Ogbeche is. Snein is der wer in Cambuur Sjoernaal, dan mei in wiidweidige gearfetting fan it duel mei Jong AZ.