Fryske CDA'ers binne fernuvere, mar begripe Hugo de Jonge

Fryske CDA'ers hawwe der begryp foar dat Hugo de Jonge him weromlûkt as listlûker foar de Twadde Keamerferkiezingen. De Jonge seit dat it listlûkerskip net mear te kombinearjen is mei syn taken as minister yn it bestriden fan de coronakrisis. Deputearre Sander de Rouwe sei dat er alle respekt en wurdearring hat foar De Jonge en foar syn kar. Fraksjefoarsitter Johan Tjalsma yn de Fryske Steaten neamt De Jonge syn beslút dapper: "Hy nimt syn ferantwurdlikens as minister yn dizze krisis."
© ANP
De oankundiging kaam dochs wol ûnferwachte, om't De Jonge yn july noch de striid om it listlûkerskip wûn. Neffens Tjalsma waard it de ôfrûne moannen wol dúdlik dat it listlûker- en ministerskip in hele drege kombinaasje is. "It is in hiele drege post op it stuit, dêr't in soad op bart. Doe't we yn july in kar makken foar in listlûker hiene we net troch dat dy coronakrisis sa heftich wurde soe."
Tjalsma fynt it spitich dat De Jonge no fan de kieslist foar de Twadde Keamerferkiezings ferdwynt, mar kin it ek hiel goed begripe. "It is spitich, mar ik fyn it ek hiel earlik. Hy sil no fol gas gean foar syn ministerspost, mar dat betsjut net dat er nea wer foar it CDA ynsetber is. Ik ha der respekt foar dat hy dizze kar makket.
Fraksjefoarsitter Johan Tjalsma fan it CDA yn Provinsjale Steaten
Wa't syn opfolger wurdt, is noch net dúdlik. Nammen dy't neamd wurde, binne ûnder oare CDA-Keamerlid Pieter Omtzigt, fan wa't De Jonge de striid om it listlûkerskip wûn, minister fan Finânsjes Wopke Hoekstra en steatssekretaris fan Ekonomyske Saken Mona Keijzer.
"It partijbestjoer moat der mar ris goed oer neitinke hoe't se dat dwaan sille. De situaasje is no kompleet feroare, dus se moatte sjen wat no ferstannich is", seit Tjalsma. Ik tink dat we dêr in hiel ferstannich partijbestjoer foar hawwe, dat mei in goede oplossing komme sil."

Krekt op tiid

Keamerlid Harry van der Molen, dy't by de foarriedige kieslist op njoggen stiet, wie fernuvere troch it beslút fan De Jonge. "Ik fûn it wol in ferrassing. Mar dizze man wurket him al sûnt it begjin fan de coronakrisis trije slaggen yn de rûnte. Op in gegeven momint begjint dat te knipen." It CDA soe freed en sneon in kongres hâlde, wêrop't de kieslist definityf wurde soe. Van der Molen fynt it goed dat De Jonge foar't it safier wie, syn beslút naam hat. It kongres wurdt no útsteld.
"It is wol yngewikkeld", jout Van der Molen ta. "We ha mei-elkoar in listlûker keazen, dat moat no opnij. De partij rêdt 'm der wol mei, mar it is wol in hiele feroaring." Van der Molen wol net sizze wa't it no wurde moat, ek al hat er wol in foarkar. "Mar ik ha dêr as Keamerlid neat oer te sizzen. Dat is no oan it bestjoer." Van der Molen stelt 'm sels net beskikber as listlûker.