Seis wiken selstraf foar stellen Ljouwerter stânbyld: "Hondsbrutaal"

De 39-jierrige Ljouwerter dy't ferline moanne in stânbyld fan in stabij stellen hat út it Ljouwerter Rengerspark, moat seis wiken de sel yn. De man flekste it byld yn stikken en ferkocht it foar 200 euro.
© Omrop Fryslân, Sybrand Grasdijk
De plysje kaam de Ljouwerter op it spoar doe't in frou belle mei de tip dat twa mannen mei it byld by har oan de doar west wiene. De rjochter gie der lykwols fan út dat de man allinnich hannele hie.

'Hondsbrutaal'

De man sei dat er nei syn died spyt hie, omdat er it sa'n moai byld fûn. De offisier fan justysje neamde it stellen 'hondsbrutaal': "dit beeld heeft waarde voor de maatschappij, dit was een zeer geliefd object." Mei it jild kocht de Ljouwerter drugs.
Der wie 16 wiken sel easke tsjin de man, mar de rjochter keas foar seis wiken en seis wiken ûnder betingst. In skeaclaim fan gemeente Ljouwert fan goed tsien tûzen euro waard net-ûntfanklik ferklearre.