Ljouwerter stedskeunstner stipet lokale winkellju mei rútfersieringen

Yn de Ljouwerter binnenstêd ferskine hieltyd mear beskildere winkelruten. It is it wurk fan de stedskeunstner Cote Create. Sy set har kreativiteit yn om lokale ûndernimmers mear klanten te besoargjen. Foto's fan de fersierde ruten set se op sosjale media mei in bysûnder ferhaaltsje derby.
Ljouwerter stedskeunstner stipet lokale winkellju
De Sileense Cote Create is dwaande mei it opfleurjen fan ruten fan winkellju yn krystsfear. Earder die se dat foar de hoareka, mar dat stiet hielendal stil. Yn har keunst is it sosjale aspekt belangryk. Hielendal no yn coronatiid.
"Ik beskilderje al sawat trije jier ruten. Minsken kenne my dêr miskien fan. Sa haw ik in grutte rútskildering makke op de Foarstreek. Ik brûk Instagram in soad om de ynwenners fan Ljouwert te berikken. Dêr haw ik in soad folgers. As ik de foto's derop set haw, belje se my op foar in opdracht."
© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Har nijste opdracht wie yn in kadowinkel yn de Oosterstrjitte. Se siket allinnich lokale ûndernimmers út om dy te stypjen, dus gjin fersieringen by bygelyks McDonald's. "Ik bin stedskeunstner wurden om minsken te helpen harren thúsfiele te litten yn Ljouwert. Ik sil net de ruten fan de McDonald's beskilderje, want - en dat fyn ik persoanlik - it giet dêr om it grutte jild. Sy hawwe my net nedich."
Sa helpt se winkellju dy't in bysûnder ferhaal hawwe. Dêrmei wol se fan ymmigranten as sysels, likegoed as fan Ljouwerters belutsen ynwenners meitsje. Cote Create hat as stedskeunstner al opdrachten hân fan de eigener fan in bernekleansaak dy't har dream folget, in sportskuonsaak dy't helpt by in sûne libbensstyl en fan de eigener fan in plantaardige patissery yn de Nije Oosterstrjitte.
Cote oer de eigenaresse fan de patissery: "Sy is dit jier mei de winkel begûn, yn de coronakrisis. Se komt, krekt as ik, út it bûtenlân. Sy is Roemeense. Doe't ik hearde hoefolle muoite oft sy dien hat om dit op te setten, woe ik har ferhaal diele en sa de middenstân yn de stêd helpe."
De stedskeunstner hat earder ferskillende tekeningen op muorren, strjitten, ruten en huzen makke, bygelyks op parkeargaraazje De Klanderij. Se docht projekten mei bern, âlderen en mei kreative minsken yn de stêd en dêrbûten.