Trije moanne sel foar coronahoaster

In man út Ljouwert hat trije moanne finzenisstraf krigen omdat er trije plysjeminsken yn it gesicht hoaste hie en dêrby roppen hie dat er corona hie. De man waard in pear wiken lyn oanhâlden by syn hûs. Hy hie spul mei de buorlju en wie net rêstich te krijen. De plysje waard derby helle om de man mei te nimmen nei it buro. Dêr fersette er him tsjin en op it buro hoaste er de plysjeminsken yn it gesicht.
Justysje © Shutterstock.com
De man moat de sel yn fanwege bedriging mei swiere mishanneling, ferset by syn oanhâlding en mislediging. De rjochter neamt it in coronadelikt en seit derby dat it al dreech genôch is om minsken har oan de coronaregels hâlde te litten. Ast it firus misbrûkst by ferset tsjin in oanhâlding, dan moast de konsekwinsjes ek mar drage, fynt de rjochter.