Undersyk yn Achtkarspelen: parkearplakken oerdekke mei sinnepanielen

De gemeente Achtkarspelen lit ûndersykje oft der sinnedakken komme kinne boppe parkearterreinen. Oanlieding is in moasje dy't yn febrewaris oannaam is yn de gemeenteried. De ried wol witte wat de mooglikheden binne foar sokke 'solar carports'.
© Pixabay
Dy soene helpe kinne by de oergong nei mear duorsume enerzjy, sûnder dat it bûtengebiet fol komt te stean mei sinnepanielen. Achtkarspelen hat advysburo Ekwadraat de opdracht jûn om út te sykjen wat de mooglikheden binne foar sinnedakken boppe parkearterreinen.