Omslein Urker kotter wurdt kommend wykein burgen

De kotter dy't woansdeitemoarn op de Noardsee omslein is, wurdt kommend wykein burgen. Dat meldt Rykswettersteat. It bergjen fan de kotter moat sagau mooglik dien wurde, om't it wrak in gefaar is foar de skipfeart. Dêrby lekt it skip oalje, wat skealik is foar it miljeu.
Fiskersboat Harns © Omrop Fryslân, Aise van Beets
Om tsien oere moarns sloegen de trije Urker bemanningsleden alarm en koart dêrnei gie it skip om en sonk it. De bemanning koe himsels yn feiligens bringe troch op de kyl fan it skip sitten te gean. Se waarden oppikt troch in yn de buert fiskjende kotter.
De fiskkotter is mooglik mei de netten hingjen bleaun efter in objekt op de seeboaiem. In Siuwsk bedriuw is troch Rykswettersteat ynhierd om it skip te bergjen.