Ferhuzing De Skalm nei âld gemeentehûs Ljouwerteradiel: 'kwalitatyf in stik better'

It multyfunksjoneel sintrum De Skalm fan Stiens ferhuzet nei it âlde gemeentehûs fan Ljouwerteradiel. Alle aktiviteiten yn it hjoeddeistige gebou krije yn it nije gebou in ûnderkommen. De ferbouwing is yn july dit jier úteinset en yn july takom jier moat it gebou oplevere wurde.
It nije gebou fan De Skalm © Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
Neffens ponghâlder Hendrik bij de Leij fan De Skalm wie it net perfoarst nedich om fan gebou te ferhúzjen. "Nedich wie it eins net, mar doe't ús frege waard oft wy oer woenen nei it gemeentehûs, ha wy antwurde mei 'ja'. Oars hiene wy hjir oan it hjoeddeistige gebou in protte ûnderhâld dwaan moatten."
Ek al liket it oan de bûtenkant wol wat, sa seit Bij de Leij, it gebou hat in minne klimaatbehearsking en de enerzjykosten binne ferskuorrende heech. "We hoopje dat it yn it nije gebou folle better wurdt."

In nij âld gebou

It hjoeddeistige gebou fan De Skalm is 28 jier âld, in stik jonger as it gebou dêr't de stichting nei ferhuzet. Foarsitter fan De Skalm, Johannes Bijlsma: "It nije gebou is mear as fyftich jier âld. Mar kwalitatyf is it better. It leit moai yn it sintrum, en as it goed is, krijt it ek in monumintale status. De earste tekeningen binne makke en dat sjocht der tige goed út."
Alle aktiviteiten dy't De Skalm no fasilitearret, gean mei oer nei it nije gebou. "It krijt in moaie útstrieling. Dêr kinne wy alles ek dwaan. Alles wat hjir yn sit, Dbieb, de kookstudio, de dûnsskoalle, giet mei nei it gemeentehûs. Dat wie ús eask."
Ferslachjouwer Arjen Bosselaar yn it hjoeddeistige gebou fan De Skalm
In protte eleminten fan it âlde gemeentehûs, lykas de glês-yn-lead-ruten en it plafond fan koark dat foar in goede akoestyk soarget, bliuwe behâlden "Wy kinne hjir aansten sjonge sa't wy wolle", seit Bijlsma laitsjend.
De brûnzen doarren dy't yn it ferline as bûtendoar tsjinst diene, komme werom. It behâlden en weromheljen fan dy âlde eleminten wie wichtich foar beide manlju. "Dat is fansels foar it oantinken dat der is. It is in âld gemeentehûs. In protte minsken hawwe hjir faak west. It is moai om te sjen hoe't it âlde werbrûkt wurde kin."
Hendrik bij de Leij en Johannes Bijlsma © Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
Sa'n grutte ferhuzing is fansels net fergees. "It kostet in protte sinten. It is djoer. Mei it budzjet dat derfoar is, moatte wy útkomme. Mar it knypt hjir en der wol wat", seit de ponghâlder.
De stichting betellet de ferbouwing lykwols net sels. "Wy hiere it aansten fan de gemeente. Dy betellet ek de ferbouwing." Dat is goed regele, mar it kin neffens Bij de Leij ek net oars. "Wy hawwe gjin sinten. Stichtingen lykas dizze binne gjin rike klups. Dat is ûnmooglik."
Ferslachjouwer Arjen Bosselaar yn it nije gebou fan De Skalm