Ferljochte ponnys helje jild op foar kavia-opfang

Wylst in soad minsken yn dizze tiid de krystbeam optuge, fersiere frijwilligers fan Stichting Cavia yn Bakkefean harren twa Shetlandponnys. Gijsje en Dunya krije alle dagen lampkes om en gean dêrnei in blokje om mei de frijwilligers. Mei de ferljochte kuierkes helje se jild op om de kastraasje fan de kaviamantsjes te beteljen.
Krystaksje foar kavia-opfang
De kastraasje fan de kaviamantsjes is wichtich om't se dan wer keppele wurde kinne oan ien of meardere wyfkes dy't by harren yn it hokje wenje kinne. Kavia's sitte net graach alllinnich.
Ferslachjouwer Johanna Brinkman is by de kavia-opfang
© Omrop Fryslân
De stichting fangt kavia's op en de measte krije letter wer in nij plak by minsken thús. Nei de kastraasje kinne de mantsjes maklik opnij pleatst wurde.
It ôfrûne jier binne sawat 400 kaviamantsjes kastrearre by de Stichting Cavia. Mar de kosten foar de bistedokter drukke op de begrutting. Mei de krystaksje hat de stichting oant no ta 800 euro ophelle. Dat bedrach sil troch Stichting Dierenlot ferdûbele wurde.
De ponnys rûke nijsgjirrich oan de mikrofoan fan ferslachjouwer Johanna Brinkman