Liveblog | 9 desimber 2020

Coronanijs fan 9 desimber: 135 nije besmettingen yn Fryslân

Dit is it liveblog fan tiisdei 8 desimber mei it lêste nijs oer it coronafirus yn Fryslân.
Lêst bywurke: 9 desimber 2020, 23:01
woansdei 9 desimber 2020
22:58

Dit wie it liveblog

We slute foarearst wer it liveblog. Tank foar it folgjen!
As der wer oanlieding ta is, starte we it liveblog wer op.
22:23

Genôch faksins besteld om foar 1 july measte Nederlanners te faksinearjen

As alle bestelde faksins goedkard wurde, binne yn de earste helte fan takom jier genôch faksins om 12 miljoen Nederlanners te faksinearjen. Dat docht bliken út sifers dy't minister Hugo de Jonge nei de Twadde Keamer stjoerd hat. Dêr wurdt foar it earst dúdlik wat de tasizzings binne fan farmaseutyske bedriuwen oer it momint fan leverjen.
It kabinet hat, fia de Europeeske Uny, seis ferskillende faksins besteld. Oft al dy faksins ek beskikber komme, hinget ôf fan de fergunning dy't it Europeesk medisynagintskap EMA ôfjaan moat.
22:20

Proef mei beheind publyk by wedstriden net yn jannewaris

It betelle fuotbal hope yn jannewaris begjinne te kinnen mei beheind publyk by wedstriden yn it betelle fuotbal, mar dat sit der fanwegen it tal coronabesmettingen noch net yn. Dat hat de direkteur betelle fuotbal fan de KNVB, Eric Gudde, woansdei te hearren krigen yn petear mei premier Mark Rutte, Tamara van Ark, de minister foar Medyske Soarch en Anneke van Zanen-Nieberg, de foarsitter fan NOC*NSF.
"Vandaag is er goed overleg geweest over het grote maatschappelijke belang van sport in onze samenleving", sei Gudde. "Er is hierbij nadrukkelijk gesproken over het belang van publiek in onze stadions en de enorme pijn voor onze sector, zowel het gemis voor de supporters als de financiële druk voor de clubs. Helaas laten de besmettingscijfers het nu niet toe om al terug te keren naar de fase met beperkt publiek. Ik heb van Mark Rutte begrepen dat de ic-opnames in elk geval van gemiddeld 24 naar maximaal 10 opnames per dag moeten, voordat er versoepelingen mogelijk zijn en de stadions misschien weer open kunnen voor publiek."
22:15

Mooglik minder testkapasiteit troch faksinaasje

De coronafaksinaasjes sille mooglik ta skea gean fan de testkapasiteit, seit minister Hugo de Jonge (Folkssûnens) by it coronadebat op woansdei. Om't der noch gjin ekstra GGD-personiel beskikber is, soe it kinne dat "een deel van het personeel" dat no coronatests útfiert tydlik ynset wurdt foar faksinaasje. De Jonge hâldt der rekken mei dat "een of twee teststraten" foar dat doel brûkt wurde sille. Neffens de minister kin dat dus liede ta in wat lytsere testkapasiteit.
18:28

Fryske topsport mei wer los: "Dit is in positive ferrassing foar ús"

De topsport krige tiisdei, krekt nei de parsekonferinsje fan premier Mark Rutte en minister Hugo de Jonge, goed nijs te hearren. Op de webside fan de oerheid stie de meidieling dat fan 17 desimber ôf de topsport yn ferskate kompetysjes wer opstart wurde kin.
Fryske topsport mei wer los: "Dit is in positive ferrassing foar ús"
18:26

GrienLinks: kampanje en kommunikaasje oer coronafaksin heart ek yn it Frysk

De foarljochting en de oansteande kampanje oer it coronafaksin moat ek yn it Frysk beskikber wêze. Twadde Keamerlid Nevin Özütok fan GrienLinks frege woansdei minister Kajsa Ollongren fan Ynlânske Saken om hjir wurk fan te meitsjen. "Informatie over het vaccinatieprogramma dient zo toegankelijk mogelijk te gebeuren", sei de politika yn in plenêr debat oer de Fryske taal. Minister Ollongren sei har reaksje dat se it net ûniens is mei dy oprop, mar "het is uitendelijk wel de GGD Fryslân die daar keuzes in maakt".