Politike partijen Smellingerlân omearmje 'werstelbegrutting' fan sakekolleezje

De gemeenteried fan Smellingerlân kin goed libje mei de troch wethâlder Felix van Beek presintearre 'werstelbegrutting'. De provinsje hie de yn novimber troch in lytse mearderheid yn de ried fêststelde 'alternative' begrutting ôfkard en sadwaande moast de gemeenteried tiisdeitejûn op 'e nij oer de begrutting foar 2021 fergaderje.
De ekstra riedsgearkomste fan Smellingerlân oer de herstelbegrutting © Omrop Fryslân
Troch takom jier in ton minder út te jaan oan it grienûnderhâld by Caparis kin de gemeente dochs in begrutting mei swarte sifers presintearje en ûntsnapt de gemeente foarearst oan finansjeel tafersjoch troch de provinsje. Jouke de Jong fan de ChristenUnie tinkt dat der yn de ried in breed draachflak is foar dy oplossing. Mar hy rekkenet him net ryk. Hy tinkt dat de gemeente al takom jier te meitsjen krijt mei ferskate 'finansjele útdagingen'.
De oertsjûgingdat de gemeente de kommende tiid mear dwaan moat om wer finansjeel sûn te wurden libbet ek by it CDA. Dy partij woe yn de ôfkarde begrutting noch folle mear besunigje. Dy diskusje komt yn Smellingerlân seker werom, seit fraksjefoarsitter Karin van der Velde. Foar de koarte termyn is de tafaller op it grienûnderhâld ek neffens har in útkomst.
Fraksjefoarsitter Jouke de Jong fan de ChristenUnie
De ekstra riedsgearkomste wie yn in goed oere beslikke. Yn dy tiid wikselen de ferskate partijen noch wol inkelde ferwiten oer de politike rebûlje fan de ôfrûne wiken. Jouke de Jong fan de ChristenUnie sei bygelyks dat Yntze de Vries fan de ELP 'by ferskate optredens foar Omrop Fryslân en ek yn 'e krante mei ferkearde sifers skermt'. De Vries helle syn skouders op oer dit ferwyt. "Ferskil fan miening oer sifers heart by de polityk. Dêr giet it krekt om by in begruttingsfergadering."
Ek De Vries is tefreden mei de finansjele oplossing foar 2021 yn de werstelbegrutting. Hy wol fierder gau in 'kearntakediskusje' fiere mei de gemeenteried om foar langere termyn ôf te praten wêr't de gemeente wol en net jild oan útjout de kommende jierren. "It is wichtich dat der ek wer jild reservearre wurdt om te ynvestearjen yn de takomst."
Karin van der Velde fan it CDA