Op 'e nij konteners oerboard op Noardsee: mooglik grut tal op Dútsk grûngebiet

Op 'e nij soe in skip yn de Noardsee konteners ferlern hawwe. Neffens Rykswettersteat giet it om in skip dat yn Dútsk gebiet fear. Krekte details binne noch net dúdlik, mar it ferhaal giet dat it om mear as 200 konteners gean soe en dat it skip sa'n 100 myl boppe Skiermûntseach wie. It soe yn de Dútske Bocht bard wêze, it súdeastlike part fan de Noardsee dat begrinze wurdt troch de Nederlânske en Dútske Waadeilannen.
Konteners fan Maersk © ANP
Neffens berjochten fan in skipper soene der konteners op it wetteroerflak driuwe, mar soene der ek konteners op de seeboaiem lizze. Kustwacht Nederland koe noch neat oer de konteners sizze en jout ek oan dat it om Dútsk gebiet giet. De Kustwacht wachtet ek mear berjochten ôf.
It soe gean om in skip fan Maersk. De reder sels seit dat der by harren neat bekend is oer in skip fan harren dat konteners ferlern hawwe soe. De reder docht ûndersyk en wurket dêrby gear mei de Dútske autoriteiten.
De Waadferiening fynt it ferûntrêstend dat der by de autoriteiten gjin melding binnenkaam is fan it oerboard slaan fan konteners fan in skip. Dat toant neffens harren oan dat der neat feroare is yn de ûndúdlike regeljouwing omtrint kontenerskippen.
Yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 ferlear de MSC Zoe, ien fan de grutste kontenerskippen fan de wrâld, 342 konteners boppe de Waadeilannen. Mear nijs dêroer is te finen op ús dossierside.