Studinten fan Friesland College komme mei aktiviteiten dy't wól trochgean

Studinten fan it Friesland College binne dizze hiele wike dwaande mei it betinken fan aktiviteiten foar kwetsbere groepen dy't yn coronatiid dochs trochgean kinne. It giet dan bygelyks om aktiviteiten foar minsken mei in beheining, âlderein of dakleazen. In groep studinten fan allegearre ferskillende opliedingen is spesjaal foar dit doel byinoar set.
Friesland College betinkt aktiviteiten
"Wij willen de studenten hiermee iets extra's bieden, maar ze tegelijk ook de kans geven om iets voor de maatschappij te doen", sa fertelt Ruben Mulder fan it Friesland College. "Het gaat dan bijvoorbeeld om iets voor daklozen of voor de mensen die worden opgevangen door FIER."
Mar hoe't dat der dan krekt út sjen moat, dat witte de begelieders en de studinten op dei ien noch net. Dylan: "Ik heb er eigenlijk nog niet heel erg over nagedacht, maar het lijkt me wel heel moeilijk. Ik ben benieuwd waar iedereen mee komt." Cath: "Het is nog nooit gedaan, dus je begint helemaal opnieuw. Maar ik denk wel dat het kan als we het in groepjes met verschillende achtergronden aanpakken."
De studinten sille trije dagen lang yn it bedriuwssammelgebou oan de Cornelis Trooststrjitte yn Ljouwert oan de slach mei ferskate 'brainstorm'-oefeningen. Dit bart op corona-feilige wize trochdat se in frij grutte seal brûke en foar in grut part fan de dei mûlkapkes op hawwe.
Neffens dosint Mulder is it projekt ek opset om de studinten efkes efter de kompjûter wei te heljen. "Ze volgen nu voornamelijk online lessen en dat is voor MBO'ers best wel zwaar. Nu kunnen we ze iets leuks bieden, dat tegelijk ook nuttig is."
Studinten Friesland College betinke aktiviteiten dy't coronaproof binne