It Amelân siet sûnder stroom: helptsjinsten skoftke net berikber
It Amelân siet tiisdeitemiddei in skoft folslein sûnder stroom. Netbehearder Liander makke der melding fan dat der by 41 strjitten op it eilân sprake wie fan in stroomsteuring, it gie dus om it hiele eilân. Yntusken is de stroomsteuring wer oplost, alle doarpen hawwe wer stroom. Allinne in part fan Nes sit noch sûnder stroom. Troch de steuring wiene helptsjinsten net berikber. Brânwacht en plysje wiene dêrom sichtber op stjitte oanwêzich.

De fjoertoer op it eilân soe it noch wol dwaan, om't dy in needaggregaat hat. Rederij Wagenborg hat witte litten dat de fearboat noch oan de kant leit. Wagenborg ferwachtet tiisdeitejûn wol wer ôf te farren, sadree't der yn hiel Nes wer stroom is.