HEA! Muzyk mei De Martina's

"Troch muzyk te meitsjen liket it wol as wurde se wekker út in wintersliep." Dat seit ien fan de begelieders fan De Martina's, in muzykband foarme út besikers fan it Odensehûs yn Ljouwert. In Odensehûs is in ynrinhûs foar minsken mei (begjinnende) alzheimer en mantelsoargers. De band spilet al nûmers dy't passe by harren leeftiidskategory. De muzikanten begjinne te strieljen as se wer spylje en sels de âlde songteksten sitte der noch hielendal yn.
HEA! De Martina's