Rjochtsaak deadlik stekynsidint Easterwâlde wer útsteld, advokaat ferbjustere

De rjochtsaak fan it deadlike stekynsidint yn Easterwâlde wurdt op 4 febrewaris takom jier ynhâldlik behannele. Dat is tiisdei bekend wurden op in pro-formasitting by de Ljouwerter rjochtbank.
© De Vries Media
De saak soe yn earste ynstânsje op 13 novimber behannele wurde, dêrnei stie tiisdei 8 desimber as sittingsdatum op de aginda. Mar tiisdei waard bekend dat de saak pas yn febrewaris foarkomt. Advokaat Dennis Vlielander fan de fertochte wie fernuvere. Dat de saak foar de safolste kear útsteld is, moat konsekwinsjes ha, fynt er.

Persoanlike belangen jilde minder swier

Vlielander frege de rjochtbank om syn kliïnt, in Ljouwerter fan 34 jier, foarearst frij te litten oant de behanneling fan de saak. De Ljouwerter sit al sûnt begjin april fêst en wol him neffens Vlielander beroppe op needwar. De rjochtbank oardiele lykwols dat de persoanlike belangen fan de fertochte minder swier jilde as it maatskiplike belang en 'de geschokte rechtsorde'.
Dat de sittingsdatum opnij nei foaren skood wurdt, hat neffens foarsitter Bert Dölle fan de rjochtbank alles te krijen mei de beheiningen troch de coronamaatregels. Dêrtroch is der in beheinde sittingskapasiteit en kin de rjochtbank mar in lyts tal belangstellenden talitte. De Ljouwerter wurdt derfan fertocht dat er op 4 april yn it hûs fan syn eks yn Easterwâlde in 44-jierrige ynwenner fan Bovensmilde deadlik ferwûne hat.

Relasjonele sfear

By in rûzje soe de Ljouwerter de man út Bovensmilde, de nije freon fan syn eks, mei in mes stutsen ha. It slachtoffer naaide út en stoar letter by in tankstasjon oan syn ferwûnings. De Ljouwerter wurdt beskuldige fan moard of deaslach. It Iepenbier Ministearje ferwyt de fertochte ek dat er op de dei fan de stekpartij syn eks mishannele hat en mei in mes bedrige. Sawol de fertochte as de eks ha ferklearre dat de twa manlju yn it hûs fan de frou in fysike konfrontaasje mei-elkoar hienen.