CBS: Campings en bungalowparken ha flink profitearre fan toerisme yn eigen lân

Troch it coronafirus like it in tige dreech jier te wurden foar de toeristyske sektor, mar de simmer hat in hiel soad goedmakke foar campings en bungalowparken. Ut sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek docht bliken dat se yn 2020 mear gasten hiene as yn 2019. Hotels hiene it lykwols ek yn de simmer dreech en foar groepsakkommodaasjes wie it hiele jier dramatysk.
Toerismesifers
Dochs is it wol posityf dat mear Nederlanners ús provinsje fûn hawwe dit jier, fynt Martin Cnossen fan Merk Fryslân. De organisaasje en de provinsje sette de lêste jierren foaral yn op kwaliteitstoerisme. "Dat giet echt oer de unike kwaliteiten fan ús provinsje, sa as 'rust en ruimte' en dat soart eleminten", leit Cnossen út.
"Wy ha dat hjir natuerlik geweldich, mei al ús wetter, de enoarme 'weidse' gebieten yn ús provinsje, lâns de Waadkust, bosken dêr't minsken fantastysk kuierje kinne. Dus dat profyl dêr't wy no op trochbouwe wolle de kommende tsien jier, past ek by it byld dat minsken fan ús ha. Just om dy wearden ha minsken ús dit jier fûn."

Fakânsjepark hiele simmer fol

Hotels koene de ôfwêzigens fan bûtenlânske toeristen net opfange, mar campings en bungalowparken hawwe maksimaal profitearre fan de Nederlanners dy't dizze simmer fakânsje fierden yn eigen lân. Groepsakkommodaasjes hiene in striemin jier, om't je allinnich mar mei je eigen húshâlden in akkomodaasje boeke koene. Fakânsjepark Burgumermar hie dêr lykwols gjin lêst fan, it park stie de hiele simmer fol.
Gewoanwei binne der in soad Dútsers en Belgen op it fakânsjepark te gast, mar dy wiene der dit jier net. "De Nederlanders hebben het allemaal overgenomen. Mensen die misschien normaal naar Italië, Spanje en Frankrijk gaan, die toch wilden kamperen en op vakantie wilden, die zijn geweest", seit eigener Fokko Eybergen fan fakânsjepark Burgumermar.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Martin Cnossen fan Merk Fryslân en eigener Fokko Eybergen fan fakânsjepark Burgumermar