Jild nei projekten op eilannen, ûnder oare foar Sterke Yerke, bistesoarch en Berenloop

Trettjin inisjativen op de Fryske Waadeilannen krije mei-inoar 135.000 euro om de leefberheid op de eilannen te ferbetterjen. It jild komt út it Iepen Mienskipsfûns fan de provinsje.
Geiten op Flylân © Provinsje Fryslân
Fierwei it measte jild giet nei de Sterke Yerke. Dy stichting bout in flot om ûndersyk te dwaan nei de plestik fersmoarging op see. By it ûndersyk en by de bou fan it flot wurdt de eilanner jeugd belutsen. Ut it Iepen Mienskipsfûns giet 75.000 euro nei it projekt, dat yn totaal 283.750 euro kostet.

Berenloop op Skylge

Ek de Berenloop op Skylge krijt jild. Fanwege it coronafirus koe de hurdrinwedstriid dit jier net trochgean, mar as alternatyf is der in app kaam. Dêrmei kinne de minsken dy Berenloop oeral en altyd firtueel rinne. Boppedat komt der weiwizering by de rûte, sadat elkenien altyd it offisjele parkoers folgje kin. Foar dat projekt wurdt goed 14.000 euro beskikber steld.

Bistesoarch op Flylân

Der giet ûnder oare 10.000 euro nei bistesoarch op Flylân. Der is gjin bistedokter op it eilân, dus Flylanner bisten geane nei de gewoane húsdokter. De soarch dy't minsken en bisten nedich ha wurdt grutter en dêrom is der op Flylân ferlet fan in aparte behannelromte foar de bisten. De húsdokters ha in stik grûn tawiisd krigen fan de gemeente en Steatsboskbehear. Dêr kinne se in behannelromte, wachtromte en karantêneplak bouwe. Dat kostet yn totaal goed 25.000 euro, wêrfan't út it Iepen Mienskipsfûns no de earste 10.000 binnen is.

Noch tsien projekten

Fierder giet der jild nei in 'snoezelruimte' op Skylge, in loads foar Amelanner kroketten, in talintûntwikkelingsprojekt fan de Skylger basisskoalle 't Jok, de kringloopwinkel op Skylge, de duofyts op It Amelân, de dressuerbaan op Skylge, AED's op It Amelân, grêfstiennen op It Amelân, Skylger tafeltennissers en klaaidosjitters op It Amelân.