FIDEO: Marrit Steenbergen fan in djip dal nei de Olympyske Spelen

Marrit Steenbergen is noch mar sechtjin jier, as se as swimster al meidocht oan de Olympyske Spelen. Dat is no fjouwer jier lyn en sûnt dy tiid is der in soad bard. Se ferhuze nei Eindhoven om by de nasjonale seleksje te swimmen, krige in swiere skouderblessuere én ek noch in burn-out. Mar, Steenbergen is op it paad werom en se koe har dit wykein kwalifisearje foar de Olympyske Spelen fan kommende simmer:
Marrit Steenbergen