150 nije besmettingen yn Fryslân, measte sûnt 26 oktober

Der binne de ôfrûne 24 oeren yn Fryslân 150 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat binne fjirtjin mear as snein, doe wiene it 136. It trochsneed oer de ôfrûne sân dagen is 120. De lêste kear dat Fryslân mear as 150 besmettingen hie op in dei, wie op 26 oktober.
It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):
Fierwei de measte besmettingen binne de ôfrûne dei fêststeld yn Súdwest-Fryslân (56). De ôfrûne sân dagen binne yn dy gemeente 264 besmettingen fêststeld. Omrekkene nei 100.000 ynwenners binne dat der 293.
Yn Fryslân binne it ôfrûne etmiel twa stjergefallen as gefolch fan corona meld, yn de gemeenten Smellingerlân en De Fryske Marren. Der binne gjin nije sikehûsopnamen meld.

Lanlik mear as 7.000

Lanlik binne der 7.134 nije coronabesmettingen konstatearre. Dat is mear as snein, want doe waarden der 6.801 besmettingen fêststeld.
It is de sechsde dei op rige dat it lanlike tal coronabesmettingen omheech giet. It kabinet jout tiisdei in nije parsekonferinsje oer de maatregels.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.