Plysje fynt lichem fermiste man út Burdaard: gjin sprake fan misdriuw

De plysje hat yn Burdaard it lichem oantroffen fan in 34-jierrige ynwenner fan dat doarp, dy't sûnt tongersdei fermist waard. It lichem lei yn it wetter. Dêr waard ûnder oare socht mei sonarboaten.
Plysje siket mei sonarboaten nei fermiste man út Burdaard
Undersyk hat útwiisd dat der gjin sprake west hat fan in misdriuw. Dat meldt de plysje. It lichem is oerdroegen oan de famylje.
Helptsjinsten en ynwenners fan it doarp ha dit wykein socht nei de fermiste man. Sneon is yn de omkriten fan Burdaard en Hallum socht, ûnder oare mei in drone en in helikopter. Snein is der socht mei sonarboaten.
© SRFotografie