Ynbraken op Sinteklaasdei yn Ljouwert en Jirnsum

Net allinnich Sinteklaas wie ûnderweis op 5 desimber, ek ynbrekkers sloegen ta of se besochten dat. Yn Ljouwert en yn Jirnsum binne in trijetal adressen besocht troch dieven. Yn twa gefallen is der guod meinaam.
© Plysje Ljouwert
Sa is op in adres oan de Jaarlastins yn de Ljouwerter wyk Camminghabuorren in laptop ferdwûn. De ynbraak moat west hawwe tusken healwei fjouweren middeis en sân oere dy jûnes. Mooglik is der noch mear guod meinaam.
Yn Ljouwert oan de Tsjibbe Geartswei yn de wyk Westeinde is besocht yn te brekken. Dat moat plakfûn hawwe tusken middeis tsien oer trijen en jûns tweintich foar njoggenen.
In pear kilometer fierderop yn it doarp Jirnsum is ynbrutsen yn in wenning oan de Rykswei. Dêr binne sieraden en jild meinaam. De dieders soene taslein hawwe tusken kertier foar trijen en acht oere jûns.
De plysje wol graach yn kontakt komme mei minsken dy't mear witte fan de ynbraken, Sy kinne belje mei 0900-8844. Anonym belje kin ek. Dan is it telefoannûmer 0800-7000.