Auto bedarret yn it wetter oan de Trekwei by Lytsewâld

Yn Lytsewâld rekke freedtejûn in auto fan de dyk. Dat barde oan de Trekwei (N910). De auto kaam yn it wetter telâne, mar de bestjoerder koe sels noch út de auto wei komme.
© Corné van der Meer / SRFotografie
Doe't helptsjinsten op it plak fan it ûngelok kamen, die bliken dat de bestjoerder al by omwenners ûnder de dûs stie. De persoan is wol kontrolearre troch ambulânsepersoniel.