Johnny Jansen sjocht kânsen tsjin PSV: "De counter is onze kracht"

Elkenien is fit by SC Hearrenfean, mar dochs hâldt trainer Johnny Jansen in slach om 'e earm: je witte it yn dizze tiid mar nea. En dat is de reden wêrom't er syn basisformaasje fan snein tsjin PSV net ferklappe wol. "We hebben natuurlijk wel een idee hoe we het willen gaan doen, maar we moeten eerst de corona-uitslagen afwachten", seit Jansen.
Johnny Jansen HEEPSV
Tsjin degradaasjekandidaten RKC Waalwijk en ADO Den Haag kaam Hearrenfean net fierder as in teloarstellend lykspul. Beide wedstriden einigen yn 1-1. PSV behelle tongersdei in knappe oerwinning yn de Europa League op Granada. Foar it earst sûnt jierren is oerwinterjen op Europeesk nivo slagge foar de ploech út Eindhoven.
Ik verwacht niet dat we PSV helemaal ondersteboven gaan voetballen.
Trainer Johnny Jansen fan SC Hearrenfean
Mar hoe gek oft it miskien klinkt, tsjin PSV hat Hearrenfean wis wol sicht op in goed resultaat. Jansen: "Ik verwacht niet dat we PSV helemaal ondersteboven gaan voetballen, want in balbezit moeten we ons nog verder ontwikkelen. Maar op het moment dat we de ruimtes krijgen, dan kunnen we aardig voetballen. Ik verwacht dat we heel compact gaan spelen, en van daaruit gaan we goed counteren, want de counter is onze kracht!"
De statistiken binne yn it foardiel fan SC Hearrenfean. De lêste kear dat de ploech út Eindhoven trije punten meipakte is alwer njoggen jier lyn.
Ferwachte opstelling SC Hearrenfean: Mulder; Floranus, Van Hecke, Bochniewicz, Woudenberg; Kongolo. J. Veerman, Dresevic, Nygren, H. Veerman en Van Bergen.
De wedstriid begjint sneintemiddei om 16.45 oere en is live te hearren yn it programma Snein yn Fryslân. It kommentaar is yn hannen fan Arjen de Boer.
Johnny Jansen oer komst Siem de Jong
Johnny Jansen is yn syn nopkes oer de komst fan seisfâldich ynternasjonal Siem de Jong. De Jong is pas yn jannewaris ynsetber, mar de klup hat tastimming fan FC Cincinatti dat hy fan nije wike ôf al meitraine mei.
Jansen sjocht yn de nije oanwinst in absolute mearwearde foar syn ploech. "Hij is een ervaren speler die op een hoog niveau heeft gespeeld en we zijn echt heel erg blij dat hij ons komt versterken. En in de kleedkamer verwachten we dat hij een verlengstuk van ons kan zijn, want hij is een intelligente jongen met wie je goed kunt kletsen over voetbal."