Ferfierder Vindicat-partybus: "Ik zit niet op deze commotie te wachten"

De feestritten fan Boostbussen, in projekt fan Kooistra Reizen út Frjentsjer, binne de kommende tiid skrast. It bedriuw is ta dit beslút kaam om't in net-coronaproof-feestje fan leden fan studinteferiening Vindicat út Grins foar opskuor soarge. De studinten stiene sûnder mûlkapke ticht op inoar te dûnsjen en te sjongen yn de partybus. Undernimmer Nico Kooistra jout ta dat der wat ferkeard gien is, mar wiist ek op syn ferfiersplicht en de ferantwurdlikens fan de studinten.
Partybus
Nico Kooistra fan it busbedriuw is net wiis mei hoe't it allegearre rûn is. "Er is iemand in de bus geweest die filmpjes naar een journalist heeft gelekt, daar is het mee begonnen. Die journalist heeft ook gebeld en wilde het per se in de media gooien. Wat hij hiermee heeft willen bewerkstelligen weet ik niet."
De ferfierder sit net te wachtsjen op alle opskuor, sa seit er. "We hebben de bus stilgezet toen de coronapiek omhoog schoot. De bussen zijn ook regelmatig door de politie aan de kant gezet, maar iedereen had ook mondkapjes op. Iedereen vindt er wel wat van. Dat is ook logisch, het is coronatijd. Maar ze staan nu aan de kant, ik zit niet te wachten op deze commotie als ondernemer."
Neffens Kooistra binne der in soad 'onwetende mensen' dy't no samar wat roppe. "Ik stel voor dat zij gaan lobbyen langs de deuren om de horeca te ondersteunen. De mensen die bedreigingen uiten naar ons toe, zou ik willen vragen om daar mee te stoppen. Dat heeft geen zin."

"Je hebt wel een vervoersplicht"

Dat de partybus mei it Vindicat-feest net oan de kant set is, hat neffens Kooistra te krijen mei syn plicht as ferfierder. "Je hebt wel een vervoersplicht als ondernemer om die mensen ook weer veilig thuis te brengen in Groningen. Dat hebben wij gedaan. Je kunt ze verzoeken de bus uit te stappen als ze niet willen luisteren, maar dan staan ze midden op straat."
Oan de oare kant jout er ek ta dat syn personiel net goed hannele hat. "Ik ben met het personeel in gesprek geweest, intern hebben we daar stappen in ondernomen."
Kooistra wiist mear nei de ferantwurdlikens fan de studinten sels. "Wij hebben niet iets gedaan wat niet mag. Het is fout gegaan, de mensen hadden geen mondkapje op. Dat is wel de bedoeling. Als eigenaar vind ik het jammer dat dit heeft plaatsgevonden."
Nico Kooistra fan Boostbussen, Kooistra Reizen
Boargemaster Marga Waanders fan gemeente Waadhoeke seit dat sy it bedriuw al langer yn de gaten hie. "De partybus giet al in skoftke hinne en wer en is al ris faker oanholden. Yn elts gefal yn septimber, doe hiene wy noch mei de needferoardering te krijen. Doe hat de plysje him warskôge: dit is yn striid mei dy needferoardering. Ek yn de lêste wiken binne sy him noch wolris tsjinkaam. Mar der is wol bewiis nedich dat der dingen barre dy't net kinne. It fermoeden wie der wol, mar je moatte ien op 'e died trappearje om echt wat te kinnen", seit Waanders.

Op 'e died trappearje

En dat is krekt wat der nedich is. "In partybus klinkt yn coronatiid sawiesa net goed, mar dat is op himsels noch net genôch om op te treden. De plysje wie him ek op it spoar, ús hanthaveners wisten derfan. Dus hy is ferskate kearen oanholden, mar dan kaam eltse kear it ferhaal dat der mûlkapkes brûkt waarden en dat minsken fier genôch útinoar sieten. Dus dat smiet net safolle op."

Wol of gjin tastimming?

Boargemaster Waanders jout wol oan dat it bedriuw gjin tastimming krigen hie fan Veiligheidsregio Fryslân. "Sy hiene gjin tastimming fan de Veiligheidsregio. Dat is ûnsin. Sy hawwe nea in oanfraach dien."
Mar Kooistra fertelt dat der allinne in warskôging fan de Veiligheidsregio wie oer it ferkeapjen fan drank. "Ik vind het jammer dat ze zich verschuilen. Het staat al maanden op Facebook dat we dit organiseren, de politie heeft ons ook aangehouden, de Veiligheidsregio is bij ons op bezoek geweest om ons te waarschuwen dat we geen drank mogen verkopen. We hebben geen waarschuwing gekregen dat we niet mochten rijden. En de mensen in de bus hebben een gezondheidsverklaring ingevuld en de GGD zou bij ons terecht kunnen voor de contactgegevens van de personen bij een bron- en contactonderzoek."
Boargemaster Marga Waanders fan gemeente Waadhoeke © Omrop Fryslân
Boargemaster Marga Waanders fan Waadhoeke

Wat binne de konsekwinsjes?

Der is no wol yn it filmke te sjen wat der oan de hân is. Mar oft dat ek fuort konsekwinsjes hat, is noch net dúdlik. "It bliuwt lestich oft wy der wat mei dwaan kinne", seit Waanders. "Wy binne wol oan it sjen oft wy der bestjoersrjochtlik wat mei kinne, mar hoe't dat komt, dêr doar ik noch neat oer te sizzen. It is no wol dúdlik wat der bart yn dy bus en dat it net kin. Wy sykje noch út oft wy der noch wat mei kinne as it bygelyks om sanksjes giet."
"Ik zie dat met vertrouwen tegemoet", seit Kooistra. "Wij hebben niet iets gedaan wat niet goed is. Onze medewerkers hadden een mondkapje op. Deze studenten niet, dat keuren wij niet goed. Het is verplicht. Ze tekenen daar ook voor middels de gezondheidsverklaring."
Kooistra wol de bussen wol wer op de dyk hawwe. "Ik ga eerst even rustig nadenken. Daarna gaan we de bussen oppoetsen, zodat we weer kunnen rijden. Wij nemen onze verantwoordelijkheid, wij zetten de bussen nu stil. In de toekomst gaan ze weer rijden als de besmettingscijfers zijn gedaald."