Museum Martena yn Frjentsjer giet folslein op 'e skeppe

De ynrjochting fan de fêste tentoanstelling yn it Museum Martena yn Frjentsjer giet it kommende jier folslein op 'e skeppe en it beskildere behang wurdt restaurearre. It werynrjochtingsprojekt sil sa'n 750.000 euro kostje. It museum hat it jild hast by mekoar en set begjin takom jier útein mei de plannen.
© Omrop Fryslân
De bewenners dy't in de rin fan de iuwen yn it Martenahûs wenne ha, wurde it útgongspunt fan de nije ynrjochting. Bygelyks Anna Maria van Schurman krijt in studearkeamer en it ferhaal fan de lêste bewenner, Anna Huguenin, hat de haadrol yn de túnkeamer. Om it museum ek oanlokliker te meitsjen foar famyljes mei bern komt der in saneamd Muiseum: miniatuerkeamers dêr't de museummûs allegear aventoeren belibbet.
It museum wurdt ek tagonklik makke foar minsken mei in beheining, blinen en fisueel beheinden. De souder krijt in tentoanstelling oer sammeljen en samlers yn de Waadhoeke. It museum tinkt healwei 2023 klear te wêzen mei de werynrjochting en is yn de tuskentiid safolle mooglik iepen foar publyk.