Sinteklaas heart by de risikogroep: op De Jouwer sit er dus mar efter glês

Noch ien nachtsje sliepe en dan is de spannendste dei fan it jier der wer... Sinteklaasjûn! Mar yn coronatiid sjocht it feest der wol oars út. Sinteklaas falt mei syn +500 jier yn de risikogroep en moat dus oppasse. By de E.A. Borgerskoalle op De Jouwer is der freed in spesjaal bêd efter glês foar Sinteklaas klearset. De bern rinne by him del. Sa komt de âld man net mei te folle minsken yn kontakt.
Sinteklaas basisskoalle Corona

Noflik sliepen

"Ik haw noflik sliepen," seit de goedhillichman, wylst hy syn bêd út krûpt. Hy moat him rap omklaaie, want de bern steane op him te wachtsjen. "Gewoanwei gean ik by alle klassen del, mar no komme sy hjir foar it rút, Ik hear mei myn leeftiid wol by de risikogroep, dus ik moat der om tinke. Mar ik wol dy bern gewoan efkes sjen," seit Sinteklaas. "It docht my goed om se wer te sjen, dy fleurige kopkes. Machtich."
Sinteklaas foar de klasse © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Personielsproblemen

Sinteklaas hat wol lêst fan personielsproblemen. De krisis hat ek by him taslein. Gewoanwei komme der tsien Piten mei him mei, no binne dat der noch mar twa. "Dy wenje by him yn hûs," seit juf Rinske Wierda. Sy hat it feest dit jier organisearre. "It kin dit jier net sa wêze dat de skoalle fol Piten stiet, want dêr is de romte te lyts foar. Dus hawwe wy it sa dien. Plus: no kinne de measte Piten efkes rêste, want moarn moatte sy de dakken op. Dan bliuwt Sinteklaas thús," Rinske ûnderbrekt har ferhaal om't de bern binnen draven komme. Sy drave allegearre fuortendaalks troch nei Sinteklaas.
Sinteklaas sit efter glês © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Feest

Sinteklaas fynt it moai om it entûsjasme fan de bern te sjen. As beleanning krûpt hy efter it glês wei. In Pyt set in grutte reade stoel foar him del. Dy stiet yn de midden fan in rûnte mei bern. "Ik wol graach in takelwein," ropt ien fan de bern nei Sinteklaas as dy sitten giet. De goedhillichman hellet in grut boek foar it ljocht mei alle nammen fan de bern der yn. "Dit is dochs wêr't je it foar dogge," seit Sinteklaas wylst hy alle bern stik foar stik by him ropt. "No noch ôfstân, mar hooplik is dat takom jier net mear nedich. Mar foar it safier is, earst moarn mar efkes ôfwachtsje."
Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort op de E.A. Borgerskoalle
It bêd fan Sinteklaas © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort