Hast 7.000 stimmen foar nammewedstriid Arriva-treinen

Der hawwe al hast 7.000 minsken stimd yn de nammewedstriid foar de 18 nije treinen dy't ferfierder Arriva takom maitiid yn gebrûk nimt yn Fryslân en Grinslân. Sûnt ôfrûne tiisdei kinne ynwenners fan de twa provinsjes stimme op 41 mooglike nammen. De Grinslanners hawwe lykwols al folle faker stimd as de Friezen en dat moat oars fynt Arriva-direkteur Anne Hettinga.
© Arriva
Elkenien koe in favorite 'bestimming' trochjaan. De ôfrûne wiken hawwe goed 3.000 ynwenners fan Fryslân en Grinslân reagearre op de fraach fan Arriva om de moaiste bestimmings yn te stjoeren. Ut dy ynstjoerings keas de sjuery 41 bestimmings, ferdield oer de twa provinsjes.
Yn de ôfrûne dagen is der al hast 7.000 kear stimd op de kânshawwende nammen. "We wolle besykje de nammen wol sa goed mooglik oer de twa provinsjes te ferdielen, dus njoggen om njoggen", seit Hettinga. "Mar de Friezen meie noch wol in stapke sette, want it oantal stimmen yn Grinslân is heger. Ik hoopje dat dat noch wol wat rjochtlutsen wurdt en dat der de kommende dagen flink stimd wurdt."

Top trije

De trije populêrste bestimmings yn Fryslân binne no, yn willekeurige folchoarder, Oerol, Holwerd aan Zee en Oldehove. Yn Grinslân binne dat Museumspoorlijn STAR, d'Olle Grieze en Noar hoes. Hettinga: "Der wurdt ek al flink lobbyd troch ferskillende bestimmings sels. Dat is moai om te sjen."
Oft de Fryske kânshawwers mei de Fryske of Nederlânske namme op de treinen komme, is noch in puntsje fan diskusje. Moat it bygelyks Holwerd aan Zee of Holwert oan See wurde? "Dêr hawwe we aanst de sjuery foar", seit Hettinga. De sjuery wie lykwols ienriedich oer de 41 opsjes dy't der no lizze.
De bestimmings mei de measte stimmen meitsje kâns om as namme op de nije treinen te kommen. Uteinlik krije de nije treinen fan Arriva de nammen fan 18 bestimmings dy't begjin 2021 bekend makke wurde. "Ik hoopje dat it goed ferdield wurdt oer de Friezen en de Grinslanners."
In sjuery mei deputearren út beide provinsjes, NDC-haadredakteur Evert van Dijk, ûndernimmer Ben Woldring, keunstner Joop Mulder, skriuwster Nynke de Jong en Arriva-baas Anne Hettinga hat dêrnei de folgjende seleksje makke:
Fryslân: 11 Fountains, Bokwerd, Brandaris, De Alde Feanen, De Lauwers (ek yn Grinslân), De Potmarge, De Slachte, Elfstedentocht, Griend, Het Wad (ek yn Grinslân), Holwerd aan Zee, Kale Duinen, Middelsee, Oerol, Oldehove, Reaklif, Snitser Mar, Thialf, Thús, Woudagemaal, Zwarte Haan
Grinslân: 't Roegwold, Blauwestad, d'Olle Grieze, De Drie Gezusters, De Lauwers (ek yn Fryslân), De Veenkoloniën, De Waterwolf, Doodstil, Graanrepubliek, Hangende Keukens, Het Wad (ek yn Fryslân), Hongerige Wolf, Hoornse Plas, Museumspoorlijn STAR, Noar hoes, Noorderhaven, Noorderzon, Noordpolderzijl, Peerd van Ome Loeks, Pieterpad, Ruiten Aa, Westerwolde
Stimme kin oant en mei snein 6 desimber op arriva.nl/namenwedstrijd. Begjin 2021 makket Arriva de 18 definitive nammen bekend.
Anne Hettinga, direkteur fan Arriva