Petysje tsjin Lelyline dy't mooglik dwers troch Natura 2000-gebiet rint

De Lelyline soe foar it Noarden in soad ekonomyske kânsen opsmite moatte. Net eltsenien is lykwols like entûsjast oer de direkte spoarferbining tusken Lelystêd en Grins, mei stops yn Fryslân. Neffens studint bosk- en natuerbehear Thijs Willems komt de spoarline dwers troch it Natura 2000-gebiet Van Oordt's Mersken by Beetstersweach te lizzen. Willems is dêrom in petysje begûn tsjin de Lelyline.
© Thijs Willems
Van Oordt's Mersken is Natura 2000-gebiet, wat betsjut dat it op Europeesk nivo beskerme natuergebiet is. It is foar fûgels in wichtich gebiet: yn 'e winter komme der in soad trekfûgels nei ta. Yn it gebiet binne ek seldsume briedfûgels werom te finen. Dêrneist komt de seldsume moerassprinkhoanne der noch foar en is de otter en de das yn it gebiet te finen.

Natuer opofferje

De Lelyline soe dy soarten yn gefaar bringe. Willems, ynventarisaasjefrijwilliger en natuerbeskermer yn it gebiet, makket him dêr grutte soargen oer. Neffens him sil foar de Lelyline net allinnich in part fan it natuergebiet opoffere wurde. "Er zullen ook grote oppervlaktes van het resterende broedgebied ongeschikt worden voor de bodembroeders", leit hy út.

Foks

Foar de spoarline is in drûch wâllichem nedich, mar dêrmei wurdt it gebiet oantreklik foar de foks. "Als je in een nat beekdal kunstmatig een droog wallichaam aanlegt, lok je vossen naar delen van het gebied waar ze van nature niet voorkomen", ferklearret Willems. "Juist in droge zomers kan predatie dan de genadeklap vormen voor steltlopers die in het gebied broeden." Dêrneist kin foarbyrazend treinferkear yn de winterperioade in soad slachtoffers meitsje.
© Thijs Willems
It trasee foar de Lelyline is noch net definityf. Om't it trajekt mooglik ek oan de Natura 2000-gebieten Rottige Meente yn Fryslân en de Onlanden yn Grinslân grinzet, sjocht Willems it leafst dat fan de plannen ôfsjoen wurdt. "Mocht dit niet mogelijk zijn, dan wil ik in ieder geval opperen om de treinverbinding om het Natura 2000-gebied heen te leggen," seit de natuerbeskermer. Ek wol er dat it wâllichem foarsjoen wurdt fan in fokseraster, sadat dat bist him dêr net fêstigje kin.

Den Haag

Willems syn petysje is yntusken goed 250 kear ûndertekene. "Het is Europees beschermd natuurgebied, dus het zal wettelijk getoetst moeten worden. Als er voldoende mensen zijn die de petitie tekenen, wil ik die aanbieden in Den Haag. Mijn hoofddoel is dan dat de Lelylijn niet door Van Oordt's Mersken komt te liggen."
Thijs Willems oer Van Oordt's Mersken en de petysje