Steenbergen en Huisman gripe neist olympysk ticket op 50 meter frije slach

Marrit Steenbergen fan Easterwâlde en Silke Huisman fan Arum binne der tongersdei op it olympysk kwalifikaasjetoernoai yn Rotterdam net yn slagge om in ticket foar Tokyo 2020 te feroverjen op de 50 meter frije slach.
© Omrop Fryslân
Steenbergen helle wol de A-finale, mar einige dêryn as achtste yn in tiid fan 25,52. De 17-jierrige Huisman swom yn de B-finale en tikke oan nei 26,49 sekonden. Dêrmei waard se achtste yn de B-finale en dus úteinlik sechstjinde. Om kâns te meitsjen op in olympysk ticket hiene se ûnder de 24,77 swimme moatten.

Paralympyske Spelen

Para-swimster Liesette Bruinsma fan Wommels swom nei 30,43. Dêrmei swom se foar de tredde kear ûnder de paralympyske limyt. Dêrmei kin in ticket har hast net mear ûntgean.
It kwalifikaasjetoernoai duorret noch oant en mei snein. Op freed stiet foar Steenbergen de 50 meter rêchslach op it programma. Huisman en Bruinsma (paralympysk) swimme dan op de 200 meter frije slach.