Topamateurfuotbal giet fierder yn regionale kompetysjes

De trije heechste klassen yn it amateurfuotbal spylje de kompetysje, sa't dy earder dit jier úteinset is, net út. Yn stee dêrfan wurde de klassen regionaal opsplitst yn twaen. De bedoeling is dat de nije kompetysje heal jannewaris úteinset.
Harkemase Boys earder dit seizoen © www.orange-pictures.nl
Dat hat fuotbalbûn KNVB bepaald nei in rûnfraach by de klups út de twadde difyzje, tredde difyzje en haadklasse. De klups koene kieze út trije senario's. It earste wie de kompetysje fierder ôfmeitsje, mar dan sûnder neikompetysje oan de ein. It soe betsjutte dat guon klups noch mear as tritich wedstriden spylje moasten. Net in soad klups wiene foar dat senario.
It twadde senario wie om de kompetysje opnij te begjinnen en om dan in heale kompetysje te spyljen. Klups soene elkoar dan net mear twa kear treffe, mar ien kear. Mar de foarkar fan de measte klups giet út nei it tredde senario: de klasse opdiele yn twaen en elkenien spilet gewoan twa kear tsjin elkoar.

Nei it sin fan de Fryske klups

Dat tredde senario hie ek de foarkar fan de trije Fryske amateurklups op dizze nivo's: Harkemase Boys (tredde difyzje), Bûtenpost (haadklasse) en ONS Snits (haadklasse).
It betsjut dat de twadde difyzje en tredde difyzje elk opdield wurde yn twa pûls fan njoggen klups. De haadklasse bestiet dan út twa pûls fan acht klups. De KNVB giet derfan út dat der heal jannewaris of koart dêrnei wer fuotballe wurde kin. De kompetysjes duorje oant it wykein fan 20 juny, dêrnei kin der eventueel noch neikompetysje spile wurde.

'Utspylje wie net realistysk'

"We vinden het enorm vervelend voor alle clubs die eerder dit seizoen goed hebben gepresteerd", seit de Gordykster amateurfuotbaldirekteur Jan Dirk van der Zee. "Gezien het drukke speelschema in deze topcompetities is het uitspelen niet of nauwelijks meer realistisch. Maar wij wilden ook weten hoe de deelnemende verenigingen hier tegenaan kijken en naar welk scenario hun voorkeur uitging."
Dêr is in dúdlik byld útkaam, wêrmei't de de KNVB no oan de slach sil. "Deze koerswijziging vraagt flexibiliteit van iedereen, maar we hebben in ieder geval het vooruitzicht dat, zodra er weer gevoetbald kan worden, er hele competities gespeeld kunnen worden."
De KNVB wit noch net hoe't alle oare fuotbalkompetysjes ôfmakke wurde. Dêrfoar wachtet it bûn de kabinetsmaatregels ôf.

Nije yndielingen Fryske klups

Tredde difyzje A1 Haadklasse B2
Harkemase Boys Bûtenpost
ACV ONS Snits
Ajax Berkum
DOVO Flevo Boys
DVS'33 HZVV
Excelsior'31 Noordscheschut
Sparta Nijkerk SC Genemuiden
Staphorst Urk
VVOG