Polityk pakt troch op MSC Zoe-dossier: oerlis op komst mei fersekerders

Yn de Twadde Keamer is de polityk yn grutte halen tefreden mei de maatregels dy't minister Cora van Nieuwenhuizen nimt en nimme wol om in nije kontenerramp, sa as dy mei de MSC Zoe yn 2019, foar te kommen. It oerlis yn de fêste keamerkommisje Maritiem waard tongersdei brûkt om de lêste puntsjes op de i te setten. It ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat sil om tafel mei de fersekerders fan kontenerskippen, sei Van Nieuwenhuizen ta.
Polityk pakt troch op MSC Zoe dossier
De minister reagearre entûsjast op de suggestje fan D66-keamerlid Rutger Schonis om yn petear te gean mei de fersekerders fan kontenerskippen. Dy hawwe alle belang by it foarkommen fan rampen sa as mei de MSC Zoe. It skip ferlear yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 342 konteners yn see boppe de Waadeilannen. De fersekerders draaie op foar de skea, ynklusyf de kosten foar it opromjen.
Van Nieuwenhuizen ferwachtet yn it earste fearnsjier fan 2021 dúdlikheid te krijen oer de skeafergoedingen. Yn 'e tuskentiid kin sy wol mei de fersekerders om tafel, sa seit Schonis. "Ik heb vorige week met de verzekeraars gesproken. Ze zeggen zelf ook dat er telkens één partij is die de schade moet betalen. Wij willen best nadenken of wij onze voorwaarden kunnen aanpassen in onze verzekeringspolissen. En dus: minister, ga met ze in gesprek. Dat heb ik hier gevraagd en ik ben blij dat ze dat gaat doen."

Rampeplan

De minister sei ek ta dat it rampeplan takom jier bywurke wurdt, sadat ek fersmoarging troch konteners der yn beflapt wurdt. No hâldt it allinnich rekken mei it oanspielen fan oalje en walfisken.
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
It feit dat de Dútsers en Denen net meiwurkje wolle oan it ôfsluten foar kontenerskippen fan de súdlike farrûte boppe de Waadeilannen, dêr wol Twadde Keamerlid Stieneke van der Graaf fan de ChristenUnie har net by dellizze. Sy hearde de minister sizzen dat stipe út it parlemint wei helpe kin as sy dêroer wer it petear oangiet. De partij komt dêrom mei in moasje dêr't nei alle gedachten yn febrewaris takom jier oer stimd wurdt.

Mienskiplik ûndersyksprogramma

Wat ek helpe kin, is dat der mooglik in mienskiplik ûndersyksprogramma mei de Dútsers komt nei de risiko's op de farrûten boppe de Waadeilannen, sa hat Van Nieuwenhuizen sein.
De MSC Zoe is ien fan de grutste kontenerskippen fan de wrâld. Yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 ferlear it 342 konteners boppe de Waadeilannen. Mear nijs dêroer is te finen op ús dossierside.