GGZ Fryslân: fuortgean psygoazesoarchteam hat gjin gefolgen foar pasjinten
GGZ Fryslân seit dat pasjinten gjin soargen hoege te hawwen at sy help nedich ha foar in psygoaze. Tongersdei waard bekend dat It team Vroegtijdige Interventie bij Psychose (VIP) oergiet nei KieN, mar neffens de GGZ kinne ferwizings yn de takomst gewoan trochgean.

De GGZ is dwaande mei de foarming fan regionale teams. "We willen dat patiënten de zorg binnen handbereik hebben. Daarom maken we als GGZ Friesland deze beweging, bedoeld om die zorg juist dichter bij hen te brengen", sa seit Timo de Grefte, fan de Ried fan Bestjoer fan GGZ Fryslân.
Regionalisearre soarch
Troch it regionalisearjen fan de soarch soe it VIP-team, besteande út ûnder oaren psychiaters, sûnenssoarchpsychologen en ferpleechkundich spesjalisten, ophâlde te bestean.
De Grefte seit it spitich te finen dat it team GGZ Fryslân ferlit. "We hadden graag gehad dat ze met ons mee de zorg verder wilden ontwikkelen. Gelukkig zijn er binnen de organisatie natuurlijk veel meer specialisten die deze zorg kunnen bieden, dus zullen wij ook straks complete, integrale zorg blijven leveren, alleen nu nog dichter bij huis."
GGZ Fryslân seit it fuortgean fan it VIP-team 'adequaat' opfange te sillen, en dat ferwizings foar psygoazesoarch gewoan trochgean kinne. Yn de takomst sil dat wol 'dichtbij de patiënt' of sels by minsken thús wêze.