Lotting WK darten: Danny Noppert tsjin Kleermaker of Carolissen

Darter Danny Noppert treft op it WK darten yn Londen yn syn earste wedstriid lângenoat Martijn Kleermaker of Cameron Carolissen út Súd-Afrika. Dat is de útkomst fan de lotting foar it wrâldkampioenskip, dy't tongersdeitemoarn dien waard. Sawol Kleermaker as Carolissen meitsje harren debút op it WK.
© Orange Pictures
Foar de 29-jierrige Jouster wurdt it syn tredde WK by de PDC. Hy is lykas ferline jier ien fan de pleatste spilers, wat betsjut dat hy pas fan de twadde ronde ôf yn aksje komme hoecht.

Eardere WK's

Ferline jier einige it WK foar Noppert yn de tredde ronde tsjin de Belch Kim Huybrechts. By syn debút twa jier ferlyn ferlear de Fries syn twadde wedstriid op it wrâldkampioenskip, fan Max Hopp út Dútslân.
It WK darten wurdt fan 15 desimber oant en mei 3 jannewaris hâlden yn it Alexandra Palace yn Londen. It profesjonele dartbûn is fan doel om tûzen taskôgers ta te litten yn de seal, om't de coronaregels yn Ingelân resintlik minder strang wurden binne. De regearjend wrâldkampioen darten is Peter Wright út Skotlân.