Fryske kampanje: snieklokjes of siersipels plantsje foar in bettere biodiversiteit
Mei de kampanje Wat zullen we nou beleven? besiket in grut ferskaat oan Fryske organisaasjes en gemeenten omtinken foar biodiversiteit te freegjen. Der wurde ferskate aksjes opset, wêrmei't it publyk dúdlik makke wurdt dat sûnder biodiversiteit it deistich libben net mooglik is. Dat is nedich, sizze de organisaasjes, om't de kwaliteit en kwantiteit fan de natuer yn ús lân rap ôfnimt.

De kampanje waard foarich jier opsetten en rint trije jier. "Foarich jier hat in hiel goed jier west", ljochtet Lisette Bokma, dy't belutsen is by de kampanje, ta. "We hawwe op in hiel soad plakken te sjen west." Mei opfallende billboards waard der omtinken frege foar bygelyks kondooms dy't fan rubber fan de rubberbeam makke wurde.
'Zwoele zomernachten'
Foar de kampanje binne dit jier ek wer ferskate aksjes op tou setten. Dêrfoar wurdt gearwurke mei túnsintra yn Fryslân. Sa waarden minsken yn novimber oanmoedige om snieklokjes te keapjen en plantsjen. Dy soargje derfoar dat it boaiemlibben yn it jier dêrop betiid op gong komt. Dat soarget wer foar minder CO2 yn de loft, wêrtroch't de luchtfochtigens tanimt.
Dat soe dan 'zwoele zomernachten' opsmite. Dy aksje wie in grut sukses, fertelt Bokma. "De snieklokjes wiene net mear te krijen. De túnsintra bellen ús op en seinen dat se se net mear krije koene."

Dêrom kaam der al gau in nije aksje: sa koene dielnimmers aliums (siersipels) keapje en plantsje. Dêrmei kinne fûgels yn it foarjier nêstjes bouwe. "Dat zorgt weer voor nieuwe vogeltjes die samen met jou fluitend van plezier wakker worden in het voorjaar!", falt te lêzen op de webside fan Wat zullen we nou beleven?.
Stikelbaarchhúskes
Freed set in nije aksje útein. Dan binne de fûgel- en stikelbaarchhúskes yn 'e oanbieding by de túnsintra. Bokma: "Dat is in maklike manier om te helpen." Dat minsken no in soad thús sitte yn ferbân mei de coronamaatregels soarget der neffens Bokma ek foar dat minsken har bot ynsette. "We hawwe foar eltsenien wol wat te dwaan!"
Hoe't de kampanje der folgjend jier útsjen sil, is noch net dúdlik. Bokma: "We passe it elts jier oan oan de omstannichheden. Der sil takom jier fêst wer wat wêze dêr't we op ynspylje kinne."
Lisette Bokma oer de kampanje