Besiker gerjochtsgebou Ljouwert wegeret mûlkapke op te dwaan en fernielt bril plysje

De mûlkapkesplicht hat tiisdei fuortendaliks foar opskuor soarge yn it gerjochtsgebou oan it Saailân yn Ljouwert. Dat meldt de plysje woansdei op Twitter.
Coronamaatregels © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
In man fan 41 jier út de gemeente Waadhoeke wegere om in mûlkapke op te dwaan yn it gerjochtsgebou. Hy waard dêr troch de plysje op oansprutsen en fuortsjoerd, mar hy wegere fuort te gean. Boppedat besocht de man it mûlkapke by ien fan de plysjeminsken fan it gesicht te lûken. Dêrby gie de bril fan de plysje stikken.
De man is oanhâlden en kin in boete ferwachtsje. De plysje hat oanjefte dien. Tiisdei wie de earste dei dat it mûlkapke wetlik ferplichte wie.