Romke de Jong dochs fan plak 21 nei 24 sakke op kandidatelist D66

De Fryske fraksjefoarsitter Romke de Jong is dochs net op it 21ste plak einige op de D66-kandidatelist foar de Twadde Keamerferkiezingen. Hy is trije plakken sakke nei nûmer 24. Op 11 novimber wie der al in konsept-kandidatelist bekend, mar dêr mochten de leden fan de partij noch oer stimme. Dêrtroch is de iisfabrykdirekteur fan De Gordyk leger einige.
© D66
Ojanne de Vries-Chang fan It Hearrenfean is fan plak 44 nei 40 gien. Marieke Vellinga fan Boazum is op plak 45 bleaun.