Kollum: "Amtnerij"

"Yn 2009 ferstoar myn broer. Willem wie in tige yntelliginte mar hiel iensume jonge. Ofstudearre yn ekonometry. Doe't er klear wie, wurke hy lykwols yn de túnbou, oars fertsjinne hy tefolle. Hy wie úteinlik statistikus by it Grinzer universiteitssikehûs.
© Omrop Fryslân
De Toan fan Eelke Lok
Doe't hy ferstoar ha ik syn hûs oprêden. Oeral leine blauwe slúfkes. Jim witte it wol, fan dy foar elk folslein riedseleftige belestingbriefkes. Dizze wiene tige yngewikkeld, it gie oer meardere jierren. Willem krige soarch- en hiertaslach. Dat wie dan wer tefolle en dan moast hy letter werom betelje. It iennichste wat ik begripe koe, wie dat der noch it ien en oar betelle wurde moast.
Dus ik belle de belesting, ik wist syn DigiD fansels net. Belesting belje is in aventoer op himsels. Ik doch it no noait mear, mar doe moast it efkes. Nee, net efkes. 'Er zijn nog 36 wachtenden voor u'. Ek waarden je sa no en dan wer fuortklikt, dan moasten je op 'e nij begjinne. Nei in dei as trije krige ik immen oan de line. Dy wie lykwols folslein net ynteressearre yn myn ferhaal. Boppedat wie hy inkeld foar de hiertaslach. Foar soarchtaslach moast ik in oar nûmer belje. Ensafuorthinne.
Ik ha trije jier dwaande west. Hieltyd wer sein dat der jild genôch wie. Dat alles betelle wurde soe. Ik woe inkeld in goed oersjoch ha oer wat, wêr en wêrom betelle wurde moast. Gjin antwurden, ek net op briefkes. Sa linkendewei bin ik razend wurden. Myn stim trille as ik foar de safolste kear de telefoan grypte.
Doe krige ik in frou oan de line dy't ynienen sei: 'Rustig meneer, ik luister naar u'. Dat die se. En sei: 'Wat ik nu ga doen, mag niet, maar ik doe het wel. Ik zoek het uit, u krijgt van mij een compleet overzicht'. It briefke dat de doarwarder myn hûs ferkeapje soe, mocht ik fan har fuortsmite.
Fjouwer wike letter wie alles betelle. Ik ha har in tankbriefke stjoerd. It andert wie dat soks net hoecht, want dat de belesting op har wize wurkje moatte soe. Se sei net, mar dat hie 'k sels wol murken, dat je dêr meast in hurk oan de line krije, dy't absolút neat dwaan wol foar in klant. Hy tinkt dat dy net betelje wol.
Jimme begripe dat ik amper heard ha nei al dy freeslike ferhalen oer de taslagge-affêre dy't we, tanksij politisy Leijten en Omtzigt, jierren heard ha. Ik koe it ferhaal al. Sa wurket de belestingtsjinst. Dêrom is it sa ûnbegryplik dat de Keamerûndersykskommisje nei al dy ferhoaren ferline wike noch net wit wêrom.
Hans Wiegel waard yn 1977 minister fan Ynlânske Saken. Yn de biografy fan Pieter Sijpersma lês ik dat Wiegel doe sels syn amtlike top beneamde. Sokken as Elco Brinkman en Docters van Leeuwen. Doe goed funksjonearjende manlju, dy't goed kontakt mei Wiegel hiene. Fia harren stjoerde Wiegel syn amtners.
It wie de nije tiid. Sis mar it gefolch fan de 60-er jierren, doe't it folk net mear te sprekken wie oer dat de ministers net mear as wurdfierders fan de amtnerij wiene. Likegoed binne we no yn dy âlde tiid wer werom. Hoefolle ministers ha de lêste jierren net ferûntskuldigingen oanbean foar wat de amtners faak ek noch hiel bewust flikt en lekt ha.
Rekkenje jim net ryk. Provinsjes, gemeenten, wetterskippen en allerhande dêroan keppele organisaasjes bin allegear itselde: de macht by de útfierders; bestjoerders, fan wa't wy tinke dat dy yn ús namme de macht ha, binne inkeld mar foarbygongers.
Foardat guon lju my no daliks wer op de twinger smite: ik ha folslein neat tsjin amtners. Ik ken der in hiel soad en ik kin der ek bêst in slokje mei drinke. As persoan. Lykas dy frou dy't ik trof yn it ferhaal fan myn broer. Se wurkje lykwols yn in systeem dat net doocht en wat se sels ûnbewust yn stân hâlde.
De lju seure allegearre dat de pensjonearre Wiegel ferline wike in freonlik briefke oan syn itensmaat Baudet skreau. No, ik set Wiegel syn boek efkes útdaagjend op de kast om oan te jaan dat hy in man wie, dy't wist dat de amtners der foar de minsken wêze moatte. En net oarsom. "