Friezen binne de lokkichste minsken fan it lân

Friezen binne de lokkichste minsken yn it lân. Dat docht bliken út ûndersyk fan it CBS. It buro foar de statistyk ûndersocht de regionale ferskillen yn belibbing fan gelok en tefredenens yn ús libben oer de jierren 2013 oant en mei 2019.
Friezen binne de lokkichste minsken fan it lân
"Dat leau ik graach, we wenje hjir ommers prachtich", seit in ynwenner fan Fryslân. De frou hellet krekt in fiskje yn Gytsjerk en wennet sawol yn Burgum as op It Amelân. "We hawwe moai de romte, gjin files. Ik wenje hjir mei in soad wille." In oare ynwenner dy't boadskippen docht slút har dêr by oan. "We ha hjir natuerlik moaie natuer, we binne folle bûten dus ik tink wol dat we hjir allegearre hiel gelokkich binne."

Fryske paradoks

"Friezen zijn net iets gelukkiger dan de rest van Nederland", leit Peter Hein van Mulligen, haadekonoom by it CBS út. "De verschillen zijn niet heel groot, maar toch springen de Friezen er een beetje uit." Hoe't it krekt kin dat de Friezen wat gelokkiger binne fynt Van Mulligen ek wol opmerklik. "We noemen het ook wel de Friese paradox, want de inkomens in Friesland zijn helemaal niet zo hoog. Meestal zie je dat mensen met lage inkomens minder vaak gelukkig zijn. Maar dat geldt niet voor de Friezen, dus waarschijnlijk spelen er andere zaken mee.
Van Mulligen neamt ferskate foarbylden dy't in rol spylje kinne yn ús lokkich wêzen. "Het kan zijn dat de sociale binding met de mensen om hen heen wat sterker is, dat ze minder vaak alleenstaand zijn. En ook hebben ze vaak een goede gezondheid en vinden ze die gezondheid ook vaak beter dan andere Nederlanders."

Romte

De romte spilet foar in soad Friezen in grutte rol yn it lokkich wêzen. Yn de stêd binne minsken faak ûngelokkiger om't der minder bining is mei oare minsken. Ek is de loft minder skjin en is der faak mear kriminaliteit. Yn Fryslân ferruilje in tal ynwenners de romte dan ek foar gjin goud mei de stêd. "Nee hâld op, dat sil net barre. Absolút net", seit in man dy't krekt bûten Tytsjerk wennet.
Ek de frou dy't in fiskje besteld hat moat der net oan tinke. "Wat, de stêd? Ljouwert of Amsterdam? Asjebleaft net nei Amsterdam! haha nee. Ik hâld fan rêst om my hinne."
It CBS is noch fierder de provinsje yndutsen. Sa is der ûnderskied makke yn Noard Fryslân, Súdwest Fryslân en Súdeast Fryslân. Dêrút docht bliken dat de minsken yn it noarden gelokkiger binne en de ynwenners fan Súdeast Fryslân tefredener binne. "Het is wel lastig om naar die verschillen te kijken", seit Van Mulligen. "Misschien dat in Noord-Friesland de 'mienskip' wat sterker is en dat de mensen in Zuidoost-Friesland zich wat minder vergelijken met de buren. Of dat die buren het helemaal niet zoveel beter hebben dan zij, dus tevredenheid met leven daardoor automatisch wat groter is."
Gelokkich wêze duorret neffens Van Mulligen faak wat koarter as tefredenheid. Je binne lokkich op bepaalde mominten yn it libben lyk as by it krijen fan in poppe. Tefredenheid duorret faak langer.
Friezen binne de lokkichste minsken fan it lân