Aukje de Vries op plak 8 fan foarriedige VVD-list

Aukje de Vries fan Ljouwert stiet op de achtste plak by de foarriedige Twadde Keamerlist fan de VVD foar de kommende ferkiezingen. Se sit al acht jier foar de grutste partij yn de Keamer en is wurdfierder finânsjes. De Vries is de heechste Fries op de list fan de VVD.
© ANP
Yn totaal steane der fjouwer Friezen op de list fan de VVD. De twadde is Harry Bevers, ek fan Ljouwert, op plak 43. Neffens de lêste peilingen soe de VVD by de ferkiezingen útkomme tusken de 38 en 43 sitten. Mocht de partij wer yn de regearing komme en ministers en steatssekretarissen leverje, dan is de kâns dat Bevers yn de Twadde Keamer komt in stik grutter. Bevers is op it stuit riedslid foar de VVD yn Ljouwert.
Ivo de Wolff, fraksjefoarsitter foar de VVD yn De Fryske Marren, stiet op it 65e plak. Roelof Theun Hoen stiet 74e. Hy is wethâlder yn de gemeente Weststellingwerf.
It Fryske regiobestjoer fan de VVD is wiis mei de Friezen op de konseptlist. De list wurdt begjin jannewaris offisjeel fêststeld.
Aukje de Vries