Utwreiding bedriuweterrein Lauwerskwartier by Surhústerfean úteinset

Yn Surhústerfean is moandei de útwreiding fan it bedriuweterrein Lauwerskwartier úteinset. It terrein wurdt oan de súdwestkant útwreide mei sa'n fjouwer hektare, yn de rjochting fan de Warreboslaan. It giet om alve kavels.
It wurk duorret nei alle gedachten oant maart, dêrnei wurdt de grûn oerdroegen oan de ûndernimmers.
Der komt ek in twadde ferbining mei De Skieding, sadat de ferkearsdruk by de Grinzerstrjitte ôfnimt.