Needgjalp út de hoareka wei: "Ien op de trije saken stiet op omfallen"

Der moat gau perspektyf komme foar de hoarekasektor, om't in tredde fan de saken op omfallen stiet. Dat blykt út de nijste sifers fan de Keninklike Hoareka. Om omtinken te freegjen foar de drege situaasje fan hoareka-ûndernimmers waard moandei yn Dokkum in grutte poster oerlange, oan de boargemaster en wethâlder fan Noardeast-Fryslân. As de hoareka noch folle langer ticht bliuwe moat, falle in soad bedriuwen om.
Wat de hoarekasektor foaral bot stekt, is it ferlet fan perspektyf. Der is noch gjin dúdlike datum wêrop't de hoareka wer iepen kin. De ûnwisse situaasje soarget foar ûnfrede by hoareka-ûndernimmers, dy't op koarte termyn dúdlikheid hawwe wolle fan it kabinet. "De buffers raken op en het seizoen is voorbij", fertelt Sigrid Hoekstra, foarsitter fan de Keninklike Hoareka, ôfdieling Noardeast-Fryslân.

"Deel staat op omvallen"

"Onze leden willen actie en willen binnenkort weer open. De meeste leden zeggen nu: we moeten weer los, we willen draaien." Yn totaal binne yn Noardeast-Fryslân sa'n fyftich hoareka-ûndernimmers oansletten by de ôfdieling. In part fan har stiet op omfallen en rêdt it net, as de coronamaatregels foar de hoareka noch langer jildich bliuwe.
Foarsitter Sigrid Hoekstra fan it hoarekabûn yn Noardeast-Fryslân
Boargemaster Johannes Kramer en wethâlder Jelle Boerema fan Noardeast-Fryslân namen de poster yn ûntfangst. Wethâlder Boerema libbet mei mei de hoarekasektor yn dizze tiid, en jout oan dat de gemeente wêr mooglik besiket te helpen. "We denken bijvoorbeeld aan het openstellen van de terrassen. We zagen in Dokkum afgelopen jaar terrasboten, die regeling willen we eigenlijk in 2021 verlengen. Op deze manier proberen we de horeca te compenseren."
Wethâlder Jelle Boerema