Ljouwerter sikehûs MCL docht mei yn ûndersyk nei bloedplasma yn striid tsjin coronafirus

It MCL yn Ljouwert docht as iennige Fryske sikehûs mei oan in lanlik ûndersyk nei bloedplasma yn de striid tsjin it coronafirus. By it ûndersyk giet it der om om út te sykjen oft it doel hat om pasjinten mei it coronafirus al betiid plasma mei anty-stoffen te jaan, noch foardat se yn it sikehûs lizze. It giet om minsken dy't minder as acht dagen klachten ha.
Maatregels tsjin it coronafirus yn it MCL yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Ut earder ûndersyk hat bliken dien dat plasma jaan gjin doel mear hat as minsken al yn it sikehûs lizze. Dan is it al te let. It ûndersyk dêr't it MCL oan meidocht, besjocht oft it betiid tatsjinjen fan plasma derfoar soargje kin dat minsken rapper better wurde en oft it opname yn it sikehûs foarkomme kin.
Bloedbank Sanquin nimt dit plasma ôf by minsken dy't genêzen binne fan corona. It ûndersyk wurdt dien ûnder tafersjoch fan Erasmus MC, LUMC, Sanquin en ZonMW.