Matich Cambuur ferslacht Jong PSV mei ien skot op doel

Sportclub Cambuur hat moandeitejûn Jong PSV mei 0-1 ferslein. De ploech fan trainer Henk de Jong hie grutte muoite mei de Eindhovenaren en it doelpunt fan Issa Kallon wie it ienige Ljouwerter skot op doel fan de wedstriid.
Issa Kallon op wei nei de 0-1 © Orange Pictures
Dêr't Cambuur yn it begjin fan de wedstriid mear de bal hie, wiene it de Eindhovenaren dy't ta kânsen kamen, mar sawol Yorbe Vertessen as Kristofer Kristinsson skeaten krekt neist it doel fan Sonny Stevens. De doelman moast ek noch rêding bringe op in skot fan Joël Piroe.
De thúsploech naam dêrnei it balbesit oer en de Ljouwerters koene mar muoilik fan de eigen helte komme, mar Jong PSV koe ek net troch de Cambuur-ferdigening hinne komme. Pas nei in goed healoere krige Cambuur de earste kâns doe't Giovanni Korte in foarset fan David Sambissa krekt neist it doel tikke. Dat wie fuort ek de lêste grutte kâns fan de earste helte.

Cambuur siket it doel

Mei Alex Bangura, Robin Maulun en Issa Kallon yn de ploech besochten de Ljouwerters yn de twadde helte mear yn de oanfal te gean. Se hiene lykwols muoite om de PSV-ferdigening foarby te kommen. In soad kânsen wist Cambuur dan ek net te kreëarjen.
Mei noch goed tweintich minuten te gean waard Cambuur foar it earst nei skoft echt gefaarlik, doe't Kallon fan links ôf it sechtjinmetergebiet yn luts. Kallon helle út - pas it earste Ljouwerter skot op doel fan de wedstriid - en skeat de bal fia de latte raak: 0-1.
Beide ploegen besochten yn it lêste part fan de wedstriid noch ta skoaren te kommen, mar ta kânsen kamen se beide net mear. Robert Mühren tocht noch wol de 0-2 te meitsjen, mar hy stie bûtenspul.

Boppe-oan

Sa helle it matich spyljende Cambuur dochs trije punten, wêrtroch't de Ljouwerters no mei 34 punten út 14 wedstriden boppe-oan de earste difyzje stean.
Jong PSV - SC Cambuur 0-1 (0-0). 70. Kallon 0-1
Opstelling SC Cambuur: Stevens; Schmidt, Mac-Intosch, Schouten (71/Kramer), Sambissa (46/Bangura); Jacobs (46/Maulun), Hoedemakers, Paulissen; Breij (46/Kallon), Mühren, Korte (89/Antonia).