ACM: Utjouwer Mediahuis mei NDC oernimme
Utjouwer Mediahuis mei de NDC, de útjouwer fan de Leeuwarder Courant, oernimme. Dat hat de Autoriteit Consument en Markt (ACM) besletten. Neffens de ACM is de NDC in relatyf lytse spiler op de merk fan deiblêden. De oername hat gjin gefolgen foar lêzers en ek gjin negative gefolgen foar de priis, kwaliteit en ynnovaasje yn de sektor.

Der bliuwt fierder genôch konkurrinsje oer tusken de ferskate lanlike en regionale deiblêden, en ek op de advertinsjemerk, seit de ACM.
It Belgyske Mediahuis is eigener fan NRC, nrc.next, De Telegraaf en regionale kranten yn Limburch, Noard- en Súd-Hollân. NDC is de útjouwer fan ûnder oare de Leeuwarder Courant, it Friesch Dagblad en tsientallen wykblêden. Der wurkje sa'n seishûndert minsken.